De nije simmerhit fan Omrop Fryslân wurdt songen troch:
Raynaud Ritsma en Aafke Zuidersma. It lietsje hjit It is simmer en giet oer it bêste plak om de simmerfakânsje troch te bringen: Fryslân! Raynaud Ritsma is al jierren muzikaal dwaande en hy is ek de frontman fan de band Vangrail. Ek Aafke docht in soad oan muzyk. Op dit stuit sit se sels yn twa bands. Solo naam se it nûmer Myn lytse faam op. De nije simmerhit is, lykas foargeande jierren, komponearre troch Martijn Engbrenghof. Jan Durk de Haan hat de tekst makke.
![](https://i.ytimg.com/vi/HYzmvPOoytk/mqdefault.jpg)