Wij binne beide berne yn 'e Lege Mieden.
Us heit wie keuterboer; ferrekte minne tiden.
In koalraap mei op bêd en mem in tútsje jaan.
Dêr hiene wij as bern it dan mar mei te dwaan.
Nei skoaltiid altyd skreppe op de buorkerij.
Fuorje, mjuksje, melke! Ja, wij hiene alve kij!
Dy simmers it lêste hea yn 'e skuorre brocht,
sei ik tsjin myn broer: ik ha hjir skjin myn nocht!
En doe sei ik ek: Wat ha 'k hjir skjin myn nocht!
En doe seine wij: Jippy-ja-jééé, jippy-ja-ja,
wij begjinne in plantaazje yn West Virginia!
Nei in jier ferbouden wij earste klas tabak.
negerkes yn it wurk en wij yn 't sneinske pak.
Mar Amearika is in lân, dêr doocht net folle fan.
Der kaam in CAO mei in sosjaal 'herzieningsplan'.
It swarte wurkfolk easke in ûndernimmingsrie.
De deastek foar ús branche: wij sieten op swart sie.
O, jeremy-jééé, shit-shit-skyt!
Us plantaazja yn Virginia bankroet en fallyt.
Wij wiene beroaid, ahiel ta wanhoop dreaun.
Wêrom net bij ús heit yn 'e Lege Mieden blean?
Wer werom yn Fryslân, haww' ús âldershûs wer socht,
mar ús heit hie syun spultsje oan in rekreant ferkocht.
Tegearre mei mem is er no miljonêr ferduld!
En wij sitt' oan 'e nekke ta... yn ús eigen skuld.
Ещё видео!