Wy hawwe omtinken foar de 'Ronde tafel'. De Peer Group hâldt in picknick foar 'gevorderden' op in boatreis nei Smelle Ie. Douwe Heeringa dûkt yn de histoarje fan de âlde skipswerf 'De Piip', dêr't de bêste skûtsjes ea makke binne. Arjan Jongsma is it Drachtster Jong Talint; hy spilet op de marimba en kin dat as de bêste. Fansels is der ek omtinken foar it Simmerdeisfestival. En der is muzyk fan de Howdy Boys.
Ещё видео!